Boaten stellen yn De Feanhoop
De plysje ûndersiket de stellerij fan trije boaten út De Feanhoop wei. Yn de nacht fan tongersdei op freed ferdwûnen dêr trije boaten, twa binne yntusken weromfûn.
De tredde boat is noch fuort. It giet om reade motorboat, mei in 8pk-bûtenboardmotor. De boat is fan in man út Emmen.