Froulju Ie winne NK yn Raerd

© Omrop Fryslân
De froulju fan Ie, Klaske de Jong, Sjoukje Visser en Aukje van Kuiken, wûnen sneon yn Raerd it Nederlânsk kampioenskip by de froulju. Yn de finale bleaunen de keatster fan Ie Mantgum de baas mei 5-2 en 6-0.
Op dy stân pleatste Klaske de Jong in sitbal. Foar Mantgum keatsten Afke Kuipers, Riemke van der Zee en Boukje Aalbers. De tredde prizen wiene foar Penjum en Holwert.