Jong Oranje: ekstra programma

Sneintejûn om 18.00 oere wie op Omrop Fryslân televyzje in útstjoering fan Boppeslach Ekstra te sjen oer it kampioenskip fan Jong Oranje. Dêryn is in reportaazje te sjen fan de huldiging fan de ploech sneintemiddei op It Hearrenfean.
Yn it programma is fansels ek omtinken foar de finalewedstriid fan sneontejûn tsjin Jong Servië. Jong Oranje wûn dy wedstriid mei 4-1. Jong Oranje waard foar de 2e kear Europeesk kampioen.