Wim Stroetinga wint Oerterp

23 jun 2007 - 22:17

Wim Stroetinga fan Aldeberkeap hat sneontejûn de Ronde fan Oerterp wûn. De sprinter wie fierwei de rapste yn de finale fan in trije man sterke kopgroep. Sierk-Jan de Haan fan Dokkum waard twadde, Jan Hendrik Westra ried yn syn eigen wenplak nei it tredde plak.

Foar Stroetinga en De Haan wie it kritearium fan Oerterp de opmaat foar de Profronde fan Fryslân (woansdei) en it NK kommend wykein yn Maastricht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)