Harkiten ûnderút tsjin nûmer 2

24 mrt 2012 - 16:38

Fjochtsjend tsjin degradaasje gong Harkemase Boys sneon op eigen sportpark De Bosk mei 4-1 ûnderút tsjin Rijnsburgse Boys. De Harkiten begongen striemin oan de wedstriid. Al binnen 10 minúten stie de ploech op in 2-0 efterstân. Johnson Bacuna brocht de Harkiten mei in klutsgoal werom yn de wedstriid. Mar noch foar rêst makke Rijnsburgse Boys der 3-1 fan.

Yn de 2e helte wisten de Harkiten net te profitearjen fan flaters yn de Rijnsburgse ferdigening. Yn de 85e minút sette Rijnsburger Jeffrey Winter mei syn 3e goal de einstân op it boerd.

Harkemase Boys stiet no op it fjirtjinde plak mei 19 punten út 24 wedstriden, boppe Montfoort en ARC.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)