Blombakken fernield yn Dokkum

23 jun 2007 - 14:56
Foto: Omrop Fryslân

Twa Dokkumers fan 16 en 19 jier binne sneontemoarn betiid achter de Grutte Tsjerke yn 'e Bonifatiusstêd troch de plysje oanhâlden. Se soene op de Grutte Breedstrjitte seis plantebakken mei konifearen fernield hawwe.

Neffens tsjûgen sieten beide jonges by in groep fan seis. Undersyk moat útwize hokker fertochten der noch mear binne.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)