Brief Oerol oan Twadde Keamer

23 jun 2007 - 12:30

Oerol sil yn in iepen brief oan de Twadde Keamer pleitsje foar opname yn de kulturele basisstruktuer. Minister Plasterk wol it festival dêr net yn hawwe, mar dat is in fersin, fynt it Oerolbestjoer. De minister basearret syn ôfwizing op in rapport dat noch troch de Twadde Keamer moat.

Oerol krijt jierliks trije ton fan it Ryk, wylst it Holland Festival miljoenen krijt. Oerol seit fernijend genôch te wêzen foar de basisstuktuer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)