Hollanders pakt by ynbraak

23 jun 2007 - 11:59

Op 'e Jouwer binne tongersdeimiddei twa persoanen út Nieuwegein en in ynwenster fan IJsselstein pakt by in ynbraak oan de Mounekamp. De plysje wie gau te plak. Op dat momint wiene de fertochten noch yn de wente.

De plysje hat de omjouwing ôfsetten en de trije minsken oanholden. De trije fertochten wiene nei alle gedachten op rôftocht fan Utrecht nei De Jouwer. Der waard ûnder oaren noch in bedrach fan 500 euro oantroffen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)