'Stânbyld foar Van Burmania'

© Omrop Fryslân
De ferneamde Ferwerter Gemme van Burmania moat in stânbyld krije. Dat fine amateur-histoarikus Johannes van Dijk en Ferwerter Pyt Nauta.Se binne dêroer yn oerlis mei de gemeente.
De famylje Van Burmania hat fan grutte ynfloed west op de doarpen Hegebeintum en Ferwert. Gemme van Burmania wie de ferneamde Stânfries. Hy wegere foar keizer Filips troch de knibbels te gean en sei 'Friezen knibbelje allinnich foar God'.