Stroomsteuring yn SW-Fryslân

22 jun 2007 - 14:53
Foto: Omrop Fryslân

Yn Súdwest-Fryslân wie freed in grutte stroomsteuring. Freedtemiddei hienen 1600 hûshaldens yn it gebiet Wâldsein, Ypekolsgea, Harich, Ealahuzen, Aldegea en in part fan Balk gjin stroom mear.

Enerzjybedriuw Nuon hat nei goed twa oeren de stroom wer regele foar in diel fan it gebiet: Wâldsein, Ypekolsgea en Ealahuzen. De brêgen yn Wâldsein kinne wer betsjinne wurde. Nuon siket noch nei de oarsaak fan de steuring.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)