Program huldiging bekend

Boargemaster De Jonge
De huldiging fan Jong Oranje is snein op It Hearrenfean. Alteast as de ploech fan Foppe de Haan sneon de finale fan it EK fuotbal ûnder de 21 wint.
Nei oerlis op it gemeentehûs mei fertsjintwurdigers fan de KNVB en de gemeente is it program foar snein betocht. De spilers wurde om healwei ienen hinne huldige op it Kuperusplein. Dernei binne der noch ferskate aktiviteiten.