Fryske jeugd drinkt mear

22 jun 2007 - 12:45

Fryske jongeren drinke hieltyd mear alkohol en dogge dat op jongere leeftyd. Der moat in provinsjaal plan komme om dat probleem oan te pakken. Dat fine GGD, provinsje, plysje en Ferslavingssoarch. Dy organisaasjes wurkje oan in mienskiplike notysje dy't der ta liede moat dat minder jongeren drinke.

In lytse 80 prosint fan de Fryske jeugd drinkt en 1 op de 11 is in swiere drinker.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)