Posthuma nei Dútslân
Foljeballer Mark Posthuma (22) fan Skearnegoutum spilet it kommende seizoen yn de heechste Dútse Bundesliga. Hy komt út by Rhein-Main Volley.
Eerder kaam Posthuma út foar PietZoomers/D, VC Omniworld en Bol Networks Lycurgus. Yn it nei de heechste divyzje promovearre Dútse team sil Posthuma as passer-loper spylje. De Fries hat by VC Sneek syn oplieding hân.