Beker moat werom nei UEFA

© Omrop Fryslân
Boargemaster Peter de Jonge fan it Hearrenfean moat kommende sneon de beker fan it EK ûnder de 21 wer weromjaan oan foarsitter Michel Platini fan it Europeeske fuotbalbûn. De ôfrûne wiken stie de beker yn it museum Willem van Haren, mar om't sneon de finale fan it kampioenskip is, moat de beker wer nei it bûn.
Earder wie de beker ek al te bewûnderjen yn de oare spylstêden Grins, Arnhem en Nijmegen.