Gjin bloedbank op It Amelân

logo bloedbank Sanquin
De bloedbank komt net werom nei It Amelân. In pear jier lyn hat Sanquin besletten de lytse lokaasjes te sluten. It Amelân hat Sanquin no frege oft de mobile trailer dy't op Skylge ynset wurdt, ek nei harren eilân komme kin. Dan soene de eilanners wer ticht by hûs bloed jaan kinne.
Sanquin hat witte litten dat se dat fersyk ôfwize, omdat dêrfoar op It Amelân te min donoaren wenje. De eilanners wurde frege om yn Dokkum of Ljouwert bloed te jaan.