Mooglik wenskippen yn Nijefurd

21 jun 2007 - 16:16
Foto: Omrop Fryslân

Nijefurd krijt mooglik offisjele lisplakken foar wenskippen. De gemeente besjocht de kommende tiid oft dêr ferlet fan is. Op dit stuit lizze der twa wenskippen yllegaal yn de gemeente, ien by de Galamadammen en ien by de Riisterbosk. Dy skippen moatte oan de ein fan takom jier fuort wêze.

Mochten der offisjele lisplakken komme, dan wurde dy net earder as yn 2009 oanlein.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)