Europeesk jild foar plattelân

21 jun 2007 - 15:35

De kommende jierren krijt Fryslân sa'n 45 miljoen oan Europeesk jild foar ûntwikkeling fan it plattelân. Dat kin foar ferskate doeleinden brukt wurde sa as bygelyks in kuierpaad. Mar ek lânbou, rekreaasje en bygelyks houtwâllen kinne der fan opknapt wurde.

30 miljoen euro is bedoeld foar nije plannen en 15 miljoen foar besteande projekten. Yn totaal hat de EU 2 miljard beskikber steld foar Europeeske plattelânsprojekten

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)