'Fytsûndersyk' yn Snits

21 jun 2007 - 14:51

It Fytsersbûn sil yn Snits ûndersykje oft der ferbân is tusken de kwaliteit fan fytsfoarsjennings, de sûnens fan minsken en de luchtkwaliteit. It bûn stjoert in fyts en in spesjale auto de dyk op om de ferskillen yn luchtkwaliteit te mjitten. Snits is ien fan de fyftich gemeenten dêr't it ûndersyk hâlden wurdt.

Mooglik wurdt Ljouwert takom jier ûndersocht. De bêste gemeente krijt ein takom jier de titel Fietsstad.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)