Skeaklaims troch bussen
De gemeente Boalsert hat sûnt heal april in protte klachten binnen krigen oer bussen dy't te hurd ride. Benammen op it Marktplein en yn de strjitte Laag Bolwerk is der oerlêst.
Om't de bussen dêr te hurd ride, ûntsteane der skuorren yn de muorren. De gemeente kin dan ek in pear bêste skeaklaims temjitte sjen.