Asyl krijt mear wylde hûnen

21 jun 2007 - 12:23
Foto: Omrop Fryslân

Neffens de bistebeskerming krije de asylen dit jier folle mear wylde hûnen as oars. It soene der 10 persint mear wêze as oare jierren. Hoe't dit kin, is net bekend.

By dieren-asyl de Wissel yn Ljouwert sittte se sawiesa fol. Al sûnt de winter. In taname fan hûnen is der net, wol in soad jonge katsjes. Somtiden wurde se yn doazen foar de doar ôflevere.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)