Bouplan flats moat oanpast

21 jun 2007 - 10:41

De plannen foar de bou fan fiif flats yn de wyk De Bouwen yn Drachten moatte oanpast wurde. Dat waard woansdeitejûn dúdlik yn in riedskommisje fan de gemeente Smellingerlân.

Allinnich de PvdA gong akkoart mei it plan, de oare partijen fine dat der mear romte oerbliuwe moat foar grien, wetter en boartersromte. Wethâlder Ketelaar hat no sein dat der nije tekeningen komme moatte, wêryn't rekken holden wurdt mei mear grien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)