Jonge (13) mishannelt jonge

© Omrop Fryslân
In jonkje fan 13 jier út Koatstertille is woansdeitemiddei yn Bûtenpost oppakt foar mishanneling. In jonge fan 15 jier út Bûtenpost fytste troch in parkje oan de Parkleane doe't er oansprutsen waard troch trije jonges.
De 13-jierrige fertochte smiet de fyts fan it slachtoffer op 'e grûn en begûn op it foartsjil te springen. Dêrnei waard it slachtoffer sels tsjin de grûn wurke en krige er skoppen fan de fertochte.