Sierd Steigenga wint Harkstede

Sierd Steigenga (foto Martin de Jong)
Sierd Steigenga hat woansdeitejûn de Ronde fan Harkstede wûn. De hurdfytser fan Eksmoarre wie de rapste fan in kopgroep fan fjouwer man. Lieuwe Westra fan Mûnein waard twadde, Fokke Postma fan Drachtster Kompenije tredde en Herman Steensma fan de Grinzer Pein fjirde.
It peloton wie troch de kopgroep ynhelle. Dêrtusken rieden noch Rutmer Faber fan Easterwierrum, hy waard fyfde en de Sinees Long Jin sechsde.