Rie, Jorwert en Baard winne

© Omrop Fryslân
Op de tredde dei fan it iepen Frysk kampioenskip jeu_de_pelote op it plein fan Easterlittens binne de lêste trije wedstriden fan de foarronde ôfwurke. Yn de partij tusken Rie en Broeksterwâlde siet gjin spanning. Rie wûn mei 8-2.
Jorwert fersloech mei de selde sifers, 8-2 dus, it team fan Tsjom. De measte spanning siet yn de wedstriid tusken Baard en Spannum. De Baarders pakten de winst mei 7-6.