Nij gedicht op strân Flylân

20 jun 2007 - 19:41

De Vliehors Expres op Flylân krijt wer in nij gedicht op de achtertsjillen. Sûnt twa jier wurde der dichtregels yn it profyl fan de bannen snijd. Om't de Vliehors Expres rûnritten makket oer it eilân, is it gedicht dêrtroch te lêzen yn it sân.

De gedichten wurde keazen nei oanlieding fan in wedstryd. Dit jier komt de poëzij fan Marianne Lookman op de bannen te stean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)