Oerlêst foar boatsjeminsken

© Omrop Fryslân
Boatsjeminsken yn Snits moatte yn de simmer rekken hâlde mei oerlêst. Fan woansdei ôf wurde de grêften yn Snits nammentlik skjinmakke. Der wurdt begûn mei de Swette, De Franekervaart en de Woudvaart. Oan de ein fan dit jier moat it klear wêze.
Net allinnich Snitsers mar ek toeristen sille lêst hawwe fan de wurksumheden. Dat it krekt yn de simmen bart, koe neffens projektlieder Wouter de Boer net oars.