Sitting oer beslút gaswinning

© Omrop Fryslân
De Ried fan Steate hat tiisdei fraachtekens set by it beslút om gaswinning ûnder it Waad ta te stean. Ferskillende organisaasjes, wêrûnder de Vogelbescherming en Natuur & Milieu, fjochtsje de gaswinning oan.
By in sitting yn Den Haach kaam it belied om de hân oan de kraan te hâlden ûnder fjoer te lizzen. Geoloog Houtenbos seit dat de delgong net gelykmjittich giet en ek net stoppet as de kraan tichdraaid wurdt.