Yn rij foar frijwilligerswurk

19 jun 2007 - 21:21

Frijwilligers stean yn de rij foar wurk by it besikerssintrum fan Nasjonaal Park Alde Feanen yn Earnewâlde. Der binne 30 minsken nedich om it besikerssintrum draaiende te hâlden, mar der ha him trije kear safolle minsken oanmelden foar in frijwilligersfunksje.

De kommende tiid wurdt in seleksje makke tusken de 90 kandidaten. Yn augustus begjinne de earste aktiviteiten al yn it besikerssintrum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)