EK-wedstryd net útferkocht

19 jun 2007 - 17:48

De wedstryd tusken Nederlân en Ingelân yn de heale finale fan it Europeesk kampioenskip fuotbal ûnder 21 jier is noch net útferkocht. Neffens de organisaasje binne der noch san 3000 kaarten beskikber. Berjochten dat it útferkocht is kloppe net, sizze minsken fan de UEFA.

Minsken dy't noch nei it stadion wolle kinne dus noch plakken krije. De wedstryd begjint woansdei om 18.15 oere yn it stadion fan Hearrenfean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)