Brânwacht hellet man út hûs

19 jun 2007 - 15:45

De brânwacht hat tiisdeitemoarn yn Wolvegea in 25-jierrige man fia de boppeferdjipping út in hûs helle. De man út Aldehoarne wie dêr mei renovaasjewurksumheden dwaande, doe't er net goed waard.

Sawol ambulânse, brânwacht as traumahelikopter waarden oproppen. It slachtoffer is dêr reanimeard en doe mei de ambulânse nei it sikehûs yn Ljouwert brocht. Wêrom de man net goed waard, is noch ûndudlik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)