Bou ferpleechhûs stillein

© Omrop Fryslân
Der komt in boustop foar it ferpleechhûs yn Sint Anne, dêr't soarchgroep Noorderbreedte op dit stuit mei dwaande is. Dat hat it kolleezje fan gemeente It Bilt besletten.
It gebou is al foar in grut part klear, mar 30 ûndernimmers binne der op tsjin. It gebou stiet op it plak fan 100 parkearplakken en dy wolle de ûndernimmers net kwyt. De Raad_van_ State skorste dêrom de boufergunning.