Provinsje praat mei op fersyk

© Omrop Fryslân
De provinsje sil him pas mei in weryndieling fan Fryske gemeenten bemuoie as dy gemeenten dêr sels by de provinsje om freegje. Dat seit in wurdfierder fan de provinsje.
De ried fan Wûnseradiel is foar weyndieling, sa die moandei bliken. Wymbritseradiel organisearre al earder gearkomsten foar de ynwenners. De nije boargemaster fan Gaasterlân-Sleat moat ree wêze de gemeente op te heffen, stiet yn de profylskets.