Ekstra jild foar eilânskoallen

© Omrop Fryslân
It ministearje fan ûnderwiis lûkt 180.000 euro ekstra út foar basisskoallen op de waadeilannen. Dat jild wurdt ûnder oaren brûkt foar bern mei in learachterstân, dy't ekstra begelieding nedich hawwe. Der komme ek bettere fasiliteiten foar dosinten dy't de bern begeliede moatte. Dêrtroch hoege bern dy't swierrichheden hawwe mei it learen, net mear perfoarst nei de fêste wal foar spesjaal ûnderwiis.