FK Jeu de Pelote wer los

© Omrop Fryslân
Yn Easterlittens is moandei foar de njoggende kear it Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote (Belgysk keatsen) wer út_ein_set. Der wurdt by Jeu de Pelote nei op it fjild keatst, mar midden yn it doarp.
Op de earste jûn fersloech Easterein Wommels mei 8-1. Grou wie mei 7-5 te sterk foar Wjelsryp en Raerd wûn fan Wurdum-Wytgaard mei 8-5. Der wurdt tiisdeitejûn fierder keatst op it plein fan Easterlittens.