Wûnseradiel wol weryndiele

© Omrop Fryslân
In mearderheid fan de gemeenteried yn Wûnseradiel is foar in fúzje mei gemeenten yn de Súdwesthoeke. Moandeitejûn naam de ried in foarriedich stânpunt yn oer weryndieling fan gemeenten. Allinnich de FNP is tsjin in weryndieling.
Yn it neijier is it wurd oan de ynwenners. Op diskusjejûnen kinne se harren útsprekke oer in mooglike fúzje. Dêrnei nimt de ried yn oktober in definityf beslút.