Ferfolch kameratafersjoch

18 jun 2007 - 23:50
Foto: Omrop Fryslân

It kameratafersjoch yn Ljouwert krijt in ferfolch. Dat hat de gemeenteried moandeitetejûn besletten.

Foaral de fraksje fan 'e PvdA twivele lang, omdat it eksperimint neffens in ûndersyk fan de Noardelike Hegeskoalle net slagge is. It geweld is net fermindere troch de kamera's yn it sintrum en dat wie no krekt it haaddoel fan it projekt dat in jier lyn fan start gie. Oer twa jier wurdt de saak op 'e nij besjoen.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)