Van der Burg wint Nijeveen

© Omrop Fryslân
Germ van der Burg hat moandeitejûn de Ronde fan Nijeveen wûn. De hurdfytser fan Nijlân ried lang yn in kopgroep fan fiif man. Tsien rûntsjes foar de ein gong er allinne oan 'e haal en sadwaande waard it in oerwinning mei oermacht. Wouter van Zanten fan Apeldoorn waard twadde, Maarten Nijland út Rossum tredde.
It wie foar Germ van der Burg de twadde oerwinning fan it seiozen. Earder wûn er de Ronde fan Haren.