Fleanende brigade fûgelwacht

18 jun 2007 - 16:22

In fleanende brigade fan fûgelwachters helpt boeren yn en om Aldeboarn mei it behâld fan greidefûgels. De boeren tusken Haskerdiken en Grou krije subsydzje foar it behâld fan greidefûgelnêsten.

Frijwilligers fan de fûgelwacht helpe dêrby, mar dy binne net altiten beskikber. Dêrom is der in fleanende brigade foarme mei frijwilligers dy't wol fan it iene op it oare momint helpe kinne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)