Rekôrskearder yn Snits

18 jun 2007 - 14:48

Yn it Rasterhoffpark yn Snits binne moandei 250 skiep kealskeard. Op himsels neat bysûnders, mar dit kear binne de skiep skeard troch de Australiër Rodney Joppich. En dy docht syn wurk wol hiel rap: yn twa minuten hat er in skiep de jas út.

Joppich is ien fan de rapste skearders fan de wrâld. Hy hat in spesjale technyk: hy hinget yn in soart fan beage. Lânskipsbehear hat him frege om yn ien dei alle skiep te skearen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)