Ferlies foar sâltprotest

18 jun 2007 - 14:20

Bewenners fan Noardwest-Fryslân ha op 'e nij in rjochtsaak ferlern tsjin de sâltwinning yn it gebiet. De bewenners easken by de rjochter dat de fergunning foar in transportlieding ferneatige wurde soe.

De rjochter oardiele moandei lykwols dat de fergunning terjochte is. De piiplieding moat sâlt fan de nije winput nei it fabryk yn Harns bringe. De bewenners wolle dat de sâltwinning ophâldt fanwege boaiemdelgong.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)