Sulveren skoech foar Alves

18 jun 2007 - 14:05

Hearrenfeanoanfaller Afonso Alves hat beslach lein op de sulveren skoech foar it twadde plak yn de ranglist fan de Europeesk topskutter fan it seizoen. Dat is no wis, omdat Ruud van Nistelrooij der op 'e lêste dei fan de Spaanske kompetysje net yn slagge is om in doelpunt te meitsjen.

De Italiaan Francesco Totti is lykas bekend Europeesk topskutter wurden. Alves makke 34 doelepunten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)