"Ek OV-proef yn Ljouwert"

18 jun 2007 - 12:46
Foto: Omrop Fryslân

GrienLinks fynt dat ek de regio Ljouwert meidraaie moat yn de eksperiminten mei fergees iepenbier ferfier foar forinsen. Steatssiktaris Huizinga hat moandei njoggen regio's oanwiisd foar sa'n proef, mar dy lizze net yn it Noarden.

Neffens de steatefraksje fan GrienLinks jilde hjir lykwols deselde problemen en soe Ljouwert tige geskikt wêze foar in proef. De party hat Deputearre Steaten fragen steld.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)