Frou ferwûne by botsing

18 jun 2007 - 10:26

In Hongaarske frou is sneintemiddei ferwûne rekke by in oanriding by de oprit fan de Wâldwei by Ljouwert. In bestjoerder út Ljouwert riid fan Wergea rjochting Ljouwert en krige gjin foarrang fan in Hongaarske automobilist dy't linksôf de oprit fan de Wâldwei opride soe.

De bestjoerders rekken net ferwûne by de oanriding, mar de frou dy't by de Hongaar yn de auto siet, is mei ûnbekend letsel nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)