Glêsplaten yn tsjerkeflier

17 jun 2007 - 17:58

Der komme mooglik glêsplaten yn de houten flier fan de Martinitsjerke yn Snits. Troch dy platen moatte in grut tal grêfstiennen ûnder de flier wer sichtber wurde foar it publyk.

De aktiviteitekommisje fan de tsjerke krijt by rûnliedings faak fragen oer de ferstopte grêven. In eigen ûndersyk moat no útwize wat de mooglikheden en kosten binne. Under de flier fan de Martinitsjerke soe mooglik ek it grêf fan Grutte Pier lizze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)