Man mishannele om gokken

17 jun 2007 - 16:50

De plysje hat 6 manlju oanholden nei in mishanneling op it Ruterskertier yn Ljouwert. Doe't de plysje sneintemoarn betiid op it plak kaam seagen se dat in Ljouwerter (20) troch meardere manlju tsjin de holle skopt waard.

Yn in hoarekagelegenheid hiene de manlju de hiele tiid jild yn gokkasten smiten, mar neat wûn. De oanjouwer smiet wat jild yn in gokkast en wûn wol in soad jild. Hjirop krige er klappen. De manlju koene pakt wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)