'Boaiem sakket mear as tocht'

17 jun 2007 - 16:15

De boaiem by Frjentsjer sakket troch gaswinning ûnder it Waad folle mear as tocht wurdt. Dat is de konklúzje fan Adriaan Houtenbos, âld-yngenieur by de NAM. Neffens syn ûndersyk is de boaiem yn it gebiet no al 20,5 sintimeter sakke, wylst de fergunning útgiet fan 10 sintimeter oant 2016.

Ek yn it Lauwersmargebiet sakket de grûn folle hurder as tocht wurdt. It Ministearje fan Ekonomyske Saken seit dat de sifers fan Houtenbos net doge.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)