Iensidich ûngelok yn Garyp

© Omrop Fryslân
Op De Westerein yn Garyp hat sneontejûn in iensidich ûngelok plakfûn. In automobilist (47) út Earnewâld ried nei syn wenplak. Op in stuit moast er útwike, neffens syn ferklearring foar in hazze.
De auto kaam dêrtroch links yn de bjirm om dêrnei tsjin in beam ta stilstân te kommen. De brânwacht hat goed in oere dwaande west om it slachtoffer te befrijen. Syn skonken sieten beknypt ûnder it dashboard.