Oppakt foar ferfelend gedrach

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneontejûn in ynwenner (18) fan Lelystêd oanholden oan it Mannagras yn Ljouwert. De man wie ferfelend oan it dwaan mei in pear oaren. In Ljouwerter (47) waard útskolden en bedrige en by in oare Ljouwerter (43) waard in stielen plaat tsjin de auto smiten.
De 43-jierrige en de man út Lelystêd rekken mei inoar op de fûst. De warskôge plysje hat de man út Lelystêd oanholden en oerbrocht nei it buro.