Oanfarring op de Waadsee
Yn de Blauwe Slenk op de Waadsee tusken Harns en Skylge hat sneintemiddei in oanfarring west tusken in jacht en in skip fan de Brune Float.
De rêdingsboaten fan Harns en Skylge hawwe help ferliend. Der binne foar safier bekend gjin minsken ferwûne rekke. De plysje docht technysk ûndersyk. De oarsaak fan de oanfarring is noch net bekend.