Jeugd makket film oer Harns

17 jun 2007 - 12:38

Jongeren út Harns sille op 26 juny harren film oer de stêd presintearje. Dy hawwe se makke yn gearwurking mei ûnder oare it Jongerewurk.

It is in dokumintêre wurden oer wat de jongerein yn Harns allegear dwaande hâldt en tsjinkomt. It giet dêrby bygelyks om sport, hingplakken, alkohol en drugs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)